Thús - 1 - 2 - 4 - 7 - A - B - C - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y - Z



Op fryskemuzyk.nl fine jo alle Fryske muzyk en films op cd as dvd. Klik op ien fan de letters as sifers hjir boppe om in oersjoch te krijen fan alle skiven mei dy begjinletter as klik op Thús om nei in samling ferneamde skiven te gean.


Wjerlûd


Wjerlûd (2010)

It debútalbum fan Grytsje Kingma. Yn 'e rin fan 2009 hat Grytsje ferskillende lieten opnommen by Dirk Overwijk, dy't in lûdsstudio hat. Earst wie dat bedoeld as demo-skiif, en mar al geandewei, doe't der mear teksten en lieten kamen, waard dúdlik dat hjir wolris in echte CD makke wurde koe. Sa binne der no 15 lieten opnommen, der is tige wurke oan fariaasje yn arranzjeminten en ferskaat yn opbou fan de muzyk. Grytsje skriuwt harklietsjes oer ferskillende ûnderwerpen, dy't faak tige werkenber binne of krekt in gefoelige snaar reitsje. Njonken de sang en it gitaarspyljen fan Grytsje spylje hjir en dêr ek oaren mei: Rob du Jardin mei fioele en altfioele, Wil van Eekeren mei blokfluit, toetsen en fokale effekten, Dirk Overwijk mei effekten (synthesizer) en eftergrûnsang. De skiif is útkommen op 15 maaie en is yn eigen behear útjûn mar fansels kin de Fryske Winkel de skiif ek leverje.

1 In liet dat net bestiet - Grytsje Kingma
2 Langst nei dy tiid - Grytsje Kingma
3 Opromje! - Grytsje Kingma
4 Winters yn Fryslân - Grytsje Kingma
5 Weromkommen - Grytsje Kingma
6 De útstrûper - Grytsje Kingma
7 Wie it net juster? - Grytsje Kingma
8 Do bist myn leafste - Grytsje Kingma
9 Myn maatsje kwyt - Grytsje Kingma
10 Buorman Kees - Grytsje Kingma
11 Pikerpaadsjes - Grytsje Kingma
12 Midlife kribels - Grytsje Kingma
13 It tsjerkje fan pake - Grytsje Kingma
14 Kieze - Grytsje Kingma
15 Ald en nij - Grytsje Kingma